Fryslân hat amper iikhoarns

04 jul 2006 - 11:45

It giet net goed mei de iikhoarns yn Fryslân. Dêrom wol de natuerhistoryske feriening yn Drachten (KNNV) it bistje yn de provinsje yn kaart bringe. De feriening ropt elkenien op har te melden at se in iikhoarn sjoen hawwe. Dat kin fia in waarnimmingskaart. Dêr wurdt op ynfold wêr't it bist sjoen is. Sa moat dúdlik wurde hoe't it giet mei de iikhoarn yn Fryslân.

Waarnimmingskaarten kinne oanfrege wurde by de KNNV yn Drachten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)