Boetes foar Jabikskrûd yn it lân

© Omrop Fryslân
De lanlike ynspeksje bistebeskerming, de LID, dielt boetes út at feehâlders it skealike Jabikskrûd net fuorthelje. It Jabikskrûd is gefaarlik foar fee.
Neffens de LID geane der alle jierren in pear hûndert bisten dea troch it gif fan it lytse giele plantsje. It Jabikskrûd soarget al in pear jier foar problemen. Omt de oerheid der neat oan docht, sil de ynspeksje no sels stranger kontroleare op de bestriding derfan.