Yes-R rapt foar skoalbern

04 jul 2006 - 09:29

Rapper Yes-R hat moandeitemiddei optreden foar de learlingen fan OSG Sevenwolden op It Fean. Twa learlingen fan de skoalle - Ico Balt en Timo Hensen - hiene it optreden wûn mei de rap dy 't se makke ha oer pesten.

Dermei diene se mei oan de oerheidskampanje 'Wat voor eikel ben jij?' Fan alle 150 ynstjoerings wie harren rap de bêste. Yes-R wurket mei oan de kampanje dy 't oerlêst troch jongerein besprekber meitsje moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)