Hooghiemster wint yn Peize

03 jul 2006 - 22:15

René Hooghiemster fan Oentsjerk wûn snein it kritearium fan Peize. It is de earste oerwinning fan Hooghiemster, in coureur fan 'e Ljouwerter feriening De Friesche Leeuw. Hooghiemster fersloech yn 'e einsprint Germ van der Burg fan Folsgeare. It kriterium fan Peize is ûnderdiel fan de seisdaachse fan it Noordenveld-Westerkwartier.

Bert Krans fan De Wylp bliuwt yn it besit fan de giele trui fan 'e seisdaachse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)