Sport foar skoalbern

03 jul 2006 - 21:06

Skoalbern yn Ljouwert moatte mear bewege. Dêrta ha skoallemienskip Piter Jelles, de ôfdieling CIOS fan it Friesland College en BV Sport in oerienkomst ûndertekene.

De twa skoallen sette tegearre in learbedriuw op, dat sportaktiviteiten opset foar basisskoallen. Se kinne dêr ûnder skoaltiid, yn it skoft en nei skoaltiid oan meidwaan. It is ek de bedoeling dat de skoallepleinen der geskikt foar makke wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)