Leadjitters yn aksje foar Nepal

© Omrop Fryslân
Tsien learlingen fan de Friese Poort yn Drachten sille nei Nepal om toiletten en pompen oan te lizzen. De reis giet út fan de Stichting Installatietechniek Friesland voor Nepal.
Der wurdt foar 25.000 euro oan sanitêr oanlein. In part wurdt betelle troch de brânzjeferiening foar ynstallateurs. Foar de rest wurde sponsoraksjes hâlden. De learlingen reizgje yn oktober ôf.