Nije tegels op Alvestêdebrege

© Omrop Fryslân
It alvestêde-monumint by Gytsjerk krijt der tiisdei wer sa 'n twahûndert tegels by. De tegels wurde pleatst oan de binnenkant fan de brêge. It monumint bestiet sûnt 2000 en is makke troch de byldzjend keunstners Marée Blok en Bas Lugthart.
De folsleine brêge wurdt beplakt mei hânmakke tegels mei de ôfbylding fan riders dy 't de Alvestêdetocht riden hawwe.