Niek Roorda bêste mêstklimmer

03 jul 2006 - 16:46

Niek Roorda fan Akkrum is sneon yn syn wenplak foar de achtste kear Frysk kampioen mêstklimmen wurden. Hy beklom de 7.15 meter hege mêst twa kear yn in tiid fan 8,19 sekonden. By de froulju wie Helen Lettinga mei 15,70 tellen de rapste.

Sjoerd Hobma fan Easthim wûn it by de jonges en Marante Soöntiens út Akkrum by de famkes. Der wiene by de 38ste edysje fan it Frysk kampioenskip 120 dielnimmers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)