Minister Dekker nei Amelân

03 jul 2006 - 16:39

Demisjonêr minister Dekker fan VROM bringt woansdei in wurkbesite oan it Amelân. Bewenners fan de eilannen en de kustgemeenten meie dan har miening jaan oer it belied yn it Waad-gebiet.

Der wurdt ek praten oer de lêst dy't de natoer hat fan tefolle ferljochting op de eilannen en it gebrûk fan duorsume enerzjy. Dekker makkket in fytstocht oer Amelân, wêrby 't se bypraat wurdt oer de Japanske oester yn de Waadsee.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)