Ljouwert krijt wer in maraton

03 jul 2006 - 16:25

Ljouwert krijt wer in eigen maraton. Op snein 10 juny 2007 is it safier. Njonken de 42 kilometer is der ek in heale maraton en binne der ôfstannen fan fiif en tsien kilometer foar bern. Stifting Gezonde Stad Leeuwarden is de inisjatyfnimmer fan 'e maraton.

De bern fan 'e basisskoallen yn Ljouwert krije yn't foar hurdrinlessen oanbean. Gezonde Stad Leeuwarden hat trije haadsponsors fûn dy't de maraton finansjeel mooglik meitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)