Man komt om nei auto-ûngelok

© Omrop Fryslân
In man (62) fan Oranjewâld is sneintenacht ferstoarn nei in iensidich auto-ûngelok. De man wie by de Abe Lenstra Boulevard mei syn auto yn it wetter rekke. De man kaam sels út de auto, mar omdat it swimmen muoisum gie, waard de man holpen troch in plysjeman en in tsjûge.
De man waard oerbrocht nei it sikehûs fan Hearrenfean, dêr't de man ferstoar, nei alle gedachten as gefolch fan in hertynfarkt.