Plysje hâldt strjitrôvers oan

03 jul 2006 - 10:56

De Ljouwerter plysje hat sneintemoarn betiid twa jonge strjitrôvers oanhâlden. It giet om twa Ljouwerters fan 15 en 17. Sy wurde der fan fertocht dat se de portemonnee stellen hawwe fan in 23-jierrige Ljouwerter. Dat barde om kertier oer fjouweren yn de Gymnasiumstrjitte.

De plysje waard belle en wie der hiel gau by. De plysje koe de fertochten sadwaande justjes letter oanhâlde op de Ferlingde Skrâns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)