Boat Delft wint sinneboatrace

© Omrop Fryslân
De sinneboat fan 'e technyske universiteit Delft is sneon de winner wurden fan 'e earste Frisian Nuon Solar Challenge. De dielnimmers hawwe de ôfrûne wike yn seis etappes de Fryske Alvestêderûte fearn.
De boat fan 'e TU Delft hat alle seis etappes wûn. Sneon wie de lêste etappe fan Dokkum nei de Prinsetún yn Ljouwert. Yn 'e Prinsetún siet in soad publyk by de einstreek fan 'e sinneboatrace.