222 bekeurings by plysjekontrôle

© Omrop Fryslân
De plysje Fryslân hat freedtenacht 222 prosessen-ferbaal opmakke by in grutte ferkearskontrôle op parkearplak De Vonken tusken Beetstersweach en De Gordyk. De measte minsken krigen in boete foar te hurd riden.
Fierders binne bekeurings útskreaun omdat minsken gjin papieren by har hiene, mei glêde bannen rieden, de gurdel net om hiene om gjin goeie ferljochting. Ek sieten guon sjauffeurs te lang achter it stjoer.