Warskôging foar hjitteweach

01 jul 2006 - 15:46

Waarman Piet Paulusma warskôget foar in hjitteweach yn Fryslân. Sneon krûpt it kwik op oant tsjin de 30 graden. De waarmte sil oant woansdei ta bliuwe, sa is de ferwachting. In soad Friezen sochten freed al ferkuolling op it strân fan Makkum. De organisaasje fan metalfestival Wâldrock set sneon wetterslangen yn om it publyk wiet te spuitsjen. Foar de portacabin fan haadact Motorhead is sels spesjaal in airo besteld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)