Heechste heabult fan 'e wrâld

© Omrop Fryslân
Frijwilligers fan it Flaeijelfeest yn Alde- en Nijehoarne bouwe tiisdei in heabult fan tsien meter heech. Se hoopje dêrmei yn it Guiness Book of Records te kommen.
De rekôrdpoging wurdt dien fanwege it 30-jierrich bestean fan it Flaeijelfeest. Dat wurdt op 30 septimber hâlden. Oan dy tiid bliuwt de heabult stean, ek as attraksje. In sjuery sil op 'e feestdei de heabult beoardielje.