Soad besikers Frysk Museum

© Omrop Fryslân
It Frysk Museum krige it earste healjier 7000 mear besikers as deselde perioade yn 2005. Dat komt benammen troch de merklape-útstalling 'Letter voor Letter'. De útstallings Tsjoch en James Ensor binne ek noch altyd populêr.
It museum hopet ek yn it twadde healjier fan dit jier in soad minsken te lûken. Dan stiet de fotomanifestaasje Noorderlicht op it program. Dy begjint op 10 septimber.