Auto yn sleat by Akkrum

© Omrop Fryslân
In 19-jierrige autorider fan 'e Jouwer is tongersdeitemoarn op de Meskenwier by Akkrum ferwûne rekke by in iensidich ûngefal. Troch noch ûnbekende oarsaak ried er yn in bocht rjochtút, troch in stek en bedarre yn in sleat.
De jongeman moast troch de brânwacht út 'e auto weihelle wurde. Hy is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehús op It Hearrenfean brocht. Dêr is him in bloedproef ôfnommen foar alkohol.