15 moannen foar biten plysjeman

30 jun 2006 - 12:48

In 25-jierrige man út Ljouwert, dy't mei syn HIV-besmetting oaren yn gefaar brocht, moat 15 moannen de sel yn. Dat is alteast de eask fan justysje.

De man, in asylsiker út Burundi, hat yn in diskoteek yn Ljouwert ûnder oaren in plysjeman yn syn finger biten. Dy hat in heal jier yn spanning libbe, omdat er mooglik besmet wie mei it HIV-firus. Yn febrewaris kaam it berjocht dat de plysjeman hielendal sûn is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)