TU Delft wint wer yn Solar-race

30 jun 2006 - 12:48

Tongersdei wie it dei fjouwer fan de Frisian Solar Challenge en foar it earst wie der de hiele dei sinne. Foar grutte ferrassingen soarge dat net. It wie opnij de sinneboat fan de TU Delft dy't as earste oer de finish yn Frjentsjer kaam.

Foar it earst wie der lykwols ek in poadiumplakje foar ien fan de boaten fan de NHL. Se kamen as tredde oer de streep yn klasse B mei de boat. En dat nei in wike mei in soad tsjinslach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)