Kâns op nij swimbad Warkum lyts

© Omrop Fryslân
De kâns is lyts dat der in swimbad komt yn it nij te bouwen multifunksjonele sintrum yn Warkum. Ut ûnôfhinkelik ûndersyk troch buro Marktplan docht bliken dat dat plan eins gjin goede kâns makket. Troch de oanlis fan in nij swimbad by camping It Soal soe der tefolle konkurrinsje komme.
Neffens it buro soe it foar Nijefurd better wêze om in gearwurking oan te gean mei de camping.