Kamera betrapet nêstleechhellers

30 jun 2006 - 10:04

De Fryske plysje hat foar it earst mei in ferburgen kamera dieders fan rôffûgelferfolging betrape. It giet om twa minsken dy't in nêst oan it leech heljen wiene by it Nannewiid. It is mooglik foar it earst yn Nederlân dat minsken sa betrape binne by it útheljen fan rôffûgelnêsten.

De plysje wurket al in skoftke mei de kamera's mar hat dêr noait ruchtber- heid oan jûn. Bylden mei fertochten wurde no ek op ynternet set.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)