Klacht 'Sonja' tsjin LC

© Omrop Fryslân
De Stichting uit de Bron van Christus fan Sonja tsjinnet in klacht yn by de Ried foar de Sjoernalistyk tsjin de Ljouwerter Krante. Yn de krante op 3 juny wurdt beweard dat de Sonja-beweging mei-skuldich is oan it ferstjerren fan in bewenner.
De stichting hat de krante frege om in rektifikaasje, mar dat barde net, alteast net sa't de stichting it woe. De krante kaam ferline wike sneon mei in paginagrut artikel oer de beweging.