Subsydzje F-side hâldt op

29 jun 2006 - 10:23

De subsydzje foar de útjefte F-side, in Frysktalige side yn de kranten, hâldt op. De provinsje fynt de de formule nei tolve jier útwurke is. De kommende jierren moatte benammen Frysktalige tydskriften dy't har rjochtsje op jeugd, ekstra stipe krije.

De provinsje sjocht dêryn in rol foar Styl. Dat blêd wurdt no tegearre mei de Friesland Post ferspraat. Dêr komt in ein oan. Styl moat him benammen rjochtsje op middelbere skoalle-bern.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)