'Deal Hirsi Ali net foar oaren'

© Omrop Fryslân
Asylsikers dy't ferwachtsje deselde rjochten te hawwen as Ayaan Hirsi Ali, hawwe it mis. Dat seit Alie Westerhuis fan Beek Advokaten yn Ljouwert dy't 2000 asylsikers bystiet. It kantoar behannelet yn it Noarden de measte asyldossiers.
Hirsi Ali krijt har paspoart werom, om't se in politike deal sletten hat mei minister Verdonk fan Frjemdlingesaken. Sa'n deal is foar in anonime asylsiker net te meitsjen.