Esonstêd hast klear

© Omrop Fryslân
Fryslân is wer in stêd riker. Dat is Esonstêd, in lyts histoarysk stedsje fan 144 rekreaasjewenten oan de râne fan de Lauwersmar. No freed geane de poarten fan it park iepen en moat alles klear wêze.
Sa'n 150 minsken binne drok dwaande om alles op tiid foar inoar te krijen. Freed komme de earste gasten en it park is foar it grutste part folboekt. It park smyt foar sa'n hûndert minsken wurk op.