Ferkrêfter moat 11/7 foarkomme

29 jun 2006 - 09:50

De 25-jierrige man dy't fertocht wurdt fan ferkrêfting fan in famke út Aldwâld, moat op 11 july foarkomme. De man út Westergeast soe yn jannewaris dit jier in 13-jierrich famke fan har hynder lutsen ha en dêrnei ferkrêfte.

De fertochte hat in bekentenis ôflein. Hy hat ek twa oare sedesaken bekend. Hy hat tajûn dat er yn oktober '05 in famke (11) yn Kollum oanrand hat. Ek hat de man twa jier lyn yn Deventer in famke fan 5 jier seksueel misbrûkt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)