Undersyk feiligens op skoallen

28 jun 2006 - 17:18

It tsjingean fan geweld, rasisme en narjen op skoalle bliuwt it wichtichste oandachtspunt foar Fryske skoallen. Dat is de konklúzje fan in grut ûndersyk nei sosjale feilichheid op Fryske skoallen.

16.000 skoalbern ha meiwurke oan it ûndersyk fan it platfoarm jeugdkriminaliteit Fryslân. De measte bern fiele har feilich op skoalle. In lytse groep jout ta wolris oaren te diskriminearjen en geweld te brûken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)