Undersyk ferleegjen wetterpeil

28 jun 2006 - 16:28

Der komt mear ûndersyk nei it ferleegjen fan de wetterpeilen yn de feangebieten. De provinsje komt dêrmei temjitte oan de winsk fan in mearderheid fan de steaten. De provinsje en it wetterskip wolle de peilen ferheegje.

Dat is better foar de natuer en giet it sakjen fan de boaiem tsjin. De boeren sitte der lykwols net om te springen. Se binne benaud aanst neat mear buorkje te kinnen yn de gebieten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)