Medikaasje foar rude yn Dokkum

28 jun 2006 - 12:26

Bewenners fan personiel fan soarchsintrum Dongerahiem yn Dokkum krije fan woansdei ôf medikaasje yn ferbân mei de rude (skurft) dy't ferline wike tongersdei fêststeld is.

De húsgenoaten fan it personiel mei klachten is advisearre om har previntyf behannelje te litten. Om kâns op werhelling foar te kommen is it needsaaklik dat alle belutsenen tagelyk behannele wurde. 3 bewenners binne besmette rekke mei de hûdsykte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)