Renovaasje bedriuweterrein West?

© Omrop Fryslân
De ûndernimmers fan bedriuweterrein West yn Ljouwert wolle dat de gemeente it terrein renovearret. Bart dat net, dan sille in oantal sakelju in oar plak sykje foar har bedriuw. Dat die tiisdeitejûn bliken op in ynformaasjejûn op it terrein.
Der wurdt al tsien jier praat oer de oanpak fan bedriuweterrein West yn Ljouwert. Dat leit der al jierren fertutearze by. Op 15 july sil de gemeenterie in beslút nimme.