Jild restauraasje monuminten

© Omrop Fryslân
Foar de restauraasje fan de Koepeltsjerke yn Ljouwert, de NH- tsjerke yn Jannum en oare tsjerken, pleatsen en mûnen lûkt de provinsje 900.000 euro út. Ek de tsjerketuorren fan Easterwierrum, Ljussens en De Lytse Jouwer wurde opknapt.
Foar it ynventarisearjen fan âlde paden wurdt ek in part fan it jild útlutsen. In oar par wurdt bestege oan in kursus foar minsken dy't in doarpsargyf opsette wolle.