Teloarstelling yn De Pein

28 jun 2006 - 10:42

It evenemint Friesland Vaart hat tiisdei yn De Pein foar drôve gesichten soarge. It doarp hie in grut spektakel organisearre foar de passearjende boaten. In part fan de eastlike float wie lykwols earder as tocht yn it doarp en wie trochfearn nei einbestimming Drachten.

No hat in lyts part fan de dielnimmers mar wat meikrigen fan it organisearre feest. De organisaasje fan Friesland Vaart fynt dat tige spitich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)