Krisis yn Littenseradiel duorret

28 jun 2006 - 09:24

De bestjoerskrisis yn de ried fan Littenseradiel is noch lang net oer. CDA-riedslid Ulbe Bakker hat syn riedslidmaatskip tydlik dellein omdat er ûngelokkich is mei hoe't de PvdA en de VVD omgean mei har rúzje mei boargemaster Liemburg.

Dy hat sein dat de polityk yn Littenseradiel net funksjonearret. PvdA en VVD soene konksekwinsjes lûke moatte út har konflikt mei de boargemaster neffens Bakker.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)