Fryske gemeenten skoare goed

© Omrop Fryslân
Fiif Fryske gemeenten skoare heech yn in ranglist dy't opsteld is troch it wykblêd Elsevier. It tiidskrift hat ûnder oare sjoen nei de wenkwaliteit, de feiligens en de berikberheid.
It Hearrenfean is op nr. 7 de bêst skoarende Fryske gemeente, Ljouwert stiet op alve, en fierder steane Dongeradiel, Snits en Boalsert yn de top 50. Al mei al binne 450 gemeenten troch Elsevier ûndersocht, Naarden stiet op nr. 1.