Nij fytspaad helt fan tiid ticht

© Omrop Fryslân
It nije fytspaad tusken Blauhûs en Aldegea mei de helte fan de tiid net brûkt wurde. Dat komt omdat it troch in natuergebiet giet, dêr't de lytse reitgoes sit. Neffens de regels mei dat seldsume fûgeltsje tusken 15 septimber en 1 april net steurd wurde.
Wethâlder Gerbrandy wit noch net hoe't it paad presys ôfluten wurde sil. Der is jierren útsjoen nei it nije fytspaad, dat sneon iepen giet.