Epke kampioen op 5 tastellen

26 jun 2006 - 16:00

Epke Zonderland fan De Lemmer die it ek snein poerbêst by de tastelfinales fan de NK turnjen foar manlju. Hy wûn fiif fan de seis ûnderdielen. Zonderland die net mei oan de voltige, mar hy wûn op de flier, de ringen, de sprong, de brêge en it rek.

Herre Zonderland, de âldere broer fan Epke, waard twadde op de flier, twadde op de brêge en tredde op it rek. Johan Zonderland, de âldste broer, foel op syn lêste toernoai net yn 'e prizen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)