Sinneboat NHL baarnt út

© Omrop Fryslân
De alvestêdetocht foar sinneboaten koe snein al foar de start de earste útfaller noteare. Snein oan 'e begjin fan 'e middei ûntplofte in akku fan ien fan 'e trije sinneboaten fan 'e NHL. By de brân kamen ek giftige gassen frij. De bestjoerder waard oerbrocht nei it sikehûs, mar koe nei behanneling wer nei hûs.
De sinneboat baarnde folslein út. De brânwacht kaam noch mei in blusboat, mar koe net folle útrjochtsje.