Rekordtalbesikers op Oerol
De Jubileumedysje fan Oerol hat de ôfrûne wike in soad folk lutsen. De jubileumedysje luts sa'n 50.000 minsken. Der waarden meiinoar 84.000 kaartsjes ferkocht. Ek waarden der tsientûzenen Oero's ferkocht, dy't goed binne foar tagong ta lytsere foarstellings.
De 50.000 besikers wiene justjes mear as ferline jier. De iepening fan it festival op 16 juny luts gelyk al 8.000 minsken.