Rembrandtfarrûte yn Skarsterlân

© Omrop Fryslân
Oan it wetter yn Skarsterlân binne sûnt sneon alve skilderijen fan Rembrandt te sjen. De reproduksjes steane der yn it ramt fan in Rembrandtfarrûte. Mei in spesjaal kaartsje kinne minsken mei harren eigen boat lâns de skilderijen farre.
De farrûte is betocht troch wettersportûndernimmer Martin Duivesteijn en sjoernalist Albert van Keimpema yn it ramt fan it Rembrandtjier.