Fytstocht bringt 2000 euro op

© Omrop Fryslân
1040 minsken diene sneon mei oan Fryslâns moaiste, de fytstoertocht nei oanlieding fan it 25-jierrich bestean fan 'e Freonen fan omrop Fryslân. Sy fytsten foar de Doe een Wens Stichting. Dizze stifting ferfolt winsken fan bern mei in slimme sykte.
Oan 'e ein fan de dei koe in cheque mei in wearde fan 2000 euro oanbean wurde oan de Doe een Wens Stichting. Ek de dielnimmers oan de Noord Nederland Tour joegen in bijdrage.