Plysjepost foarearst op ynternet

© Omrop Fryslân
Fan moandei ôf sil de plysje Fryslân op harren website ek byldmateriaal en fideomateriaal sjen litte fan misdriuwen. Dit bart oars yn it programma Plysjepost. Mar omdat Plysjepost simmerskoft hat ha plysje en justysje besletten om it byldmateriaal op ynternet te setten.
Op dizze wize kinne de ynwenners fan Fryslân trochgean mei it helpen om misdriuwen op te lossen. De plysje sil de site alle wiken ferfarskje.