Boalsert keatskampioen froulju

26 jun 2006 - 11:03

By de froulju is it partoer fan Boalsert mei Géjanna Buma, Afke Walstra en Fenna Zeinstra snein yn Minnertsgea Nederlânsk kampioen wurden. Yn de finale waard Wytmarsum mei Andrea de Jong, Sytske Poortstra en Marike Beckers ferslein mei 5-2, en 6-0. Géjanna Buma waard al in pear kear earder keatskampioene.

De tredde priis gie nei it partoer fan Ie mei Klaske de Jong, Sjoukje Visser en Aukje van Kuiken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)