ChristenUnie en SGP yn petear

26 jun 2006 - 10:55

De ChristenUnie en de SGP sille dochs wer prate oer gearwurking by de steateferkiezings fan 2007. Dat seit foaritter Bosgraaf fan SGP-Fryslân. De ôfrûne moanne sei de ChristenUnie noch takom jier allinnich fierder te wollen, fanwege ferskil fan miening oer de rol fan de frou.

Mar no't de SGP besletten hat dat froulju partijlid wurde meie en ek meistimme meie is der wer romte foar in petear tusken ChristenUnie en SGP.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)