Sinneboatrace los

26 jun 2006 - 10:06

Mei in sprintprolooch yn de Ljouwerter Prinsetún begjint snein de race fan 27 sinneboaten lâns de alve Fryske stêden. Ien fan de 27 sinneboaten is makke troch de Technyske Universiteit Delft, dy't de race foar auto's op sinne-enerzjy yn Australië al trije kear wûn hat.

It is it doel dat de alvestêdetocht foar sinneboaten in tradysje wurdt. De dielnimmers komme ûnder oare út Dútslân, Poalen, België en Amerika.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)