Tsead Bruinja nei Yndonesië

25 jun 2006 - 17:40

De Fryske dichter Tsead Bruinja giet no tongersdei nei Yndonesië om Fryske fersen foar te dragen op festivals yn Palembang en Jakarta. Bruinja reizget ôf yn it selskip fan de dichters Duoduo, Peter Swanborn en Hans Wap.

De dichters wurde begelaat troch oersetster Linde Voûte, dy't de fersen oerset hat nei it Bahasa. Bruinja is fan 2 oant 4 july warber op Sumatra, oanslutend binne der foardrachtjûnen yn Jakarta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)