Mearkampgoud Epke Zonderland

© Omrop Fryslân
Epke Zonderland fan de Lemmer is sneon mei oermacht Nederlânsk kampioen mearkamp wurden. Op It Hearrenfean helle Zonderland op seis tastellen 87 punten. De grutste konkurrint fan Zonderland, Jeffrey Wammes, koe troch in blessuere net meidwaan.
De hynstesprong waard troch de jury it meast wurdearre mei 15.60 punten. It sulver gie nei broer Herre Zonderland mei 81.50 punten. Jeroen Hardon, ek fan WIK-FTC, waard tredde.