Jan Werle wint fan Jeroen Bosch

25 jun 2006 - 16:19

Skaker Jan Werle fan Beetstersweach hat him sneon yn 'e sande ronde fan it Nederlânsk kampioenskip goed wersteld fan it ferlies yn in ronde earder. Werle wûn yn Hilversum mei swart fan Jeroen Bosch. Foar Yge Visser wie it op 'e nij in minne dei, want hy ferlear no fan Ivak Sokolov.

Werle stiet nei de sande ronde op in dield fyfde plak mei 3,5 punt. Visser stiet lêste mei oardel punt. Snein spilet Werle mei wyt tsjin Timman.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)