Jonges Makkum winne NK keatsen

25 jun 2006 - 15:55

Op it Nederlânsk kampioenskip keatsen foar jonges yn Sint Jabik gie de finale tusken Dronryp en Makkum. It partoer fan Makkum mei Rienk Veltman, Steven van Gorssel en Lennart Adema wûn yn in iensidige finale mei 5-0 en 6-4 fan Dronryp mei Sjoerd van der Meer en Johan en Rutger Diertens.

It partoer fan Grou mei Jan Brandt Wiersma, Niels Hietbrink en Jorrit de Groot pakte de tredde priis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)