Soad wurk foar Smeding Sint Anne

© Omrop Fryslân
De oername fan ferskate supermerken fan Laurus troch gruthannel Sligro smyt in protte ekstra wurk op foar griente- en fruitleveransier Smeding yn Sint Anne. Smeding leveret griente en fruit oan alle winkels fan Sligro.
Meiinoar krijt Smeding der dit jier 64 supermerken by om guod oan te leverjen. Dit betsjut wurk foar 25 man personiel. Ek moat der in nije hal boud wurde. Transportbedriuw Vijn sil 10 ekstra sjauffeurs oanlûke.